Wanneer:
7 december 2018 @ 20:00
2018-12-07T20:00:00+01:00
2018-12-07T20:15:00+01:00
Waar:
De Suderfinne
Kosten:
€19.00

kredytAanvang : 8 uur Zaal open om 19:30
Entree € 19,00 (inclusief een kopje koffie of thee)
Reserveren via: Activiteitensuwald@gmail.com En vol = vol
Kredyt is de opfolger fan de suksesfolle kroechteaterstikken: Katarsis, Kredo en Krimp

 Kredyt komt fan it Latynske Credere en betsjut ‘leauwe of tabetrouwe’.
 Neidat Knilles yn ‘Katarsis’ syn dochter kwyt rekke is, giet hy de wrâld yn om te sykjen nei ien fan de âldste hynderrassen; de Ahalteke; it gouden hynder. Op it Amelân rint noch neiteam fan dit edele bist. Hy komt werom yn it kafee om hjir oer te fertellen. Hy moetet de Twentske Hettie, se skriuwt in boek oer in Fryske artyst dy’t se hertstochtlik adoreard. De politiker, Peke van der Klamp, nimt al fêst wat kredyt op de demokrasy. It moaist soe wêze as Hettie sjocht hoe linich hy him hjir troch hinne slacht. Jabke, it fleksibel postkantoar, sorteart de post yn it kafee. Wat net bestiet hoecht ek gjin post te krijen. Sa folle minsken, sa folle ferhalen. Yn ‘Kredyt’ komme se by elkoar yn kafee De Bûnte Bok.

Skriuwer: Gerrit Breteler
Spilers: Anke Bijlsma, Gerrit Haaksma
Spilerscoach: Rients Gratama
Muzyk: Gerrit Breteler
Arranzjeminten: Peter v.d. Zwaag
Prûkwurk: Arjan v.d. Grijn
Produksjelieder: Anke Bijlsma
Produsearre troch teaterstifting Ach,Mea Culp