De datum dat wy ús CD opnimme sille komt al hiel tichtby.   Pypkesjongers

Freed 20 april is it safier. Yn de Jister fan de Suderfinne.                

Eltsenien is dêrby fan 15.30 oere ôf fan herte wolkom.

Wy meitsje der dan in “liveopname” fan. Sadwaande kinne wy wol wat publyk brûke.

De titel fan de CD is Ten Thousand Miles Away, mei as ûndertitel In noflike jûn mei de Pypkesjongers.

It ferhaal spilet him sabeare ôf yn in seemanskroechje wêr’t de iene nei de oare in sterk ferhaal hat en dêr sjonge wy dan fan.

Dus: nijsgjirrich?  Kom de tweintichste april nei de Suderfinne want dêr bart it!

As de CD opnommen is, komme der fansels ek promoasje sessys,

Dat bart al fêst op Keningsdei 27 april by de aktiviteiten dy’t troch de World Servants op tou set wurde sille yn op arbeidzjen mei de Feestkommisje fan de Oranjeferiening.

Bliid binne wy mei de stipe dy’t wy krigen hawwe fan Doarpsbelang om it opnimmen fan de CD realisearje te kinnen.

As Pypkesjongers steane wy midden yn de mienskip en dêrom wolle wy ús graach hearre litte, ek yn Suwâld!

Dus noch ris fan herte wolkom op de tweintichste, middeis, yn de Suderfinne.

 

Foar de Pypkesjongers,

Pier Boonstra, foarsitter